In jier foarút
De redaksje fan it bûsboekje bestiet út fiif leden. Sy soargje derfoar dat it BB alle jierren krekt foar de boufak ferskynt. Op dit stuit binne dat Klaas Johan Osinga (PR-man/interim foarsitter), Sieta de Vries, Minke Dooper, Arjen Dijkstra (ponghâlder) en Piter Andringa (opmaak).
Alle jierren wurdt in tema socht om it bûsboekje oan op te hingjen, en besocht dat tema op nijsgjirrige wize út te ljochtsjen. Wy sykje der sechjes en weetjes by (eltse wike in knypeach), in by it tema passend gedicht en liet, soms in resept en adressen fan ynstellings dy’t by it tema hearre. Mar wy besykje ek om nijsgjirrige ferhalen oer minsken dy‘t mei it tema anneks binne boppe wetter te krijen.
Fansels moat elts jier de kalinder oanpast wurde, de feestdagen fermeld, de dagen dat de moanne fol is as nij, de fakânsjes, en wurde alle fêste rubriken neirûn.
As alles moai en netsjes teplak stiet en nochris neisjoen is, giet it hiele pakket nei de printer en wurde de bûsboekjes reemakke. Dêrnei soargje we derfoar dat se oeral yn ‘e provinsje teplak komme.