Hiel koart…

It bûsboekje bestiet al sûnt 1976. Yn dat jier waard der by it Kristlik Frysk Selskip (KFS) in kommisje oprjochte dy‘t har sterk makke foar it útbringen fan in Frysktalige aginda.
Yn de jierren dernei hat dyselde kommisje wakker yn it spier west om it BB oeral oan te bieden, sels oer de provinsjegrinzen hinne, en mei grut sukses!

Tsien jier letter hie it boekje al in oplage fan oer de tsientûzen stiks.

Dy heechtijdagen binne foarby. De oplage fan it bûsboekje skommelet de lêste jierren om de 4000 hinne. Dochs docht bliken dat lang net eltsenien mei it bûsboekje bekend is. Mei in tema, lykas yn 2012: ‘koekjebakkers’, wurdt besocht de bekendheid mei it bûsboekje te fergrutsjen: ekstra ferkeappunten, nije gesichten. In gastredaksjelid helpt mei om nijsgjirrige ynformaasje oan te rikken.

Bûsboekjes

Yn 2010, nei’t it KFS oergie yn it Frysk Oekumenysk Platfoarm ‘Krúspunt’ hat de redaksje omsjoen nei in oare organisaasje dy’t it bûsboekje útjaan koe. Wy binne útkommen by de Ried fan de Fryske Beweging.

Ald nijs:

2016: Oanmoedigingspriis foar streektaal yn film op “48 Hours”

It Bûsboekje hat de priis fan € 250,- útkeard oan it filmkollektyf Melkbaard mei har film ‘Út ‘e grûn‘. Fan de dielnimmers oan it Ljouwerter ‘The 48 Hour Film Project Leeuwarden 2016’ sprongen sy der út mei harren film yn it Frysk. Mei dit ynisjatyf wol de redaksje stimulearje dat jonge filmmakkers ûntdekke datst mei in lytse taal ek hiele moaie en suksesfolle films meitsje kinst. Ferline jier wie op it Noardlik Film Festival de IIslânske film RAMS in grutte hit en it tal sprekkers fan it Frysk is grutter as dat fan it IIslânsk. 48 Hours is in ûnderdiel fan it Noardlik Film Festival yn Ljouwert. De dielnimmers hawwe 48 oere foar in meitsjen fan in eigen filmproduksje. De priisútrikking wie op sneontejûn 12 novimber yn de Foyer fan De Harmonie.

Adalgard Willemsma lokwinsket Henny Rinsma mei harren priis

Adalgard Willemsma lokwinsket Henny Rinsma mei har priis

team-melkbaard_lyts

Filmkollektyf Melkbaard

De reaksje fan Melkbaard:

“Tige grutsk binne wy mei de priis foar de meast kreative bydrage yn it Frysk. Wy woene graach it filmke yn it Frysk meitsje omdat it fan de measten yn ús team de memmetaal is. De taal stiet ticht by ús, wat ek helpt by it aktearjen. Hooplik sille der kommend jier mear ynstjoeringen yn it Frysk wêze foar 48HFP! Tige by tige!”

It filmke ‘út ‘e grûn’ kinne jo hjir besjen!

Tema Bûsboekje 2017: Film yn Fryslân!

Begjin july is it nije Bûsboekje fan de parse rôle yn in oplage fan omtrint 4000 stiks en no is it wer oeral yn ‘e provinsje te keap. It tema foar 2017 is ‘Film yn Fryslân’. Wy hawwe Syds Wiersma fan it Frysk Film Argyf benadere om mei te tinken oan de ynfolling fan it tema, en dat hat in moai oersicht oplevere fan wat der yn in goed iuw op dat mêd bard is. In gruttere toer wie it om sechsjes te finen foar boppe eltse wike, mar dat is kreatyf oplost mei útspraken fan filmmakkers en nijsgjirrige ‘weetjes’. Fansels is it boekje yn filmsfear opmakke, mei filmstills en -posters. En as je de siden flot troch de fingers glydzje litte is der in tekenfilmke te sjen.

In wiidweidiger oersjoch fan de skiednis fan ‘Film yn Fryslân’ fine jo op de webside fan it Frysk Film Argyf: https://friesfilmarchief.nl/filmmakers/schets-van-de-friese-filmgeschiedenis/.

Presintaasje Bûsboekje 2017 yn it Slieker-Teater

Woansdei 28 septimber is it Bûsboekje offisjeel presintearre. ferslach-presentaasje-bb-2017_lyts

It ‘earste Bûsboekje 2017′ is útrikt oan Anneke van Renssen, dy ’t in bulte betsjutten hat foar Film yn Fryslân. Syds Wiersma fan it Frysk Film Argyf hat in ynlieding hâlden oer de unike ynhâld fan it Bûsboekje, Anne Feddema hat syn nije FilmFers foardroegen. Dêrnei is der in kompilaasje toand fan de earste Fryske film “Kar út Twa” (1937). Lês mear:

ferslach-presentaasje-bb-2017

BB 2016: Us Mem werom nei it hert fan Ljouwert!

usmemUs Mem is it bekende stânbyld fan de Fryske ko. It brûnzen byldhouwurk is yn 1954 makke troch Gerhardus Jan Adema. It is de ideale ko neffens de doetiidske regels fan it Frysk Rundfee Stamboek. Yn it bûsboekje fan 2016 skriuwe wy deroer. Wy fine dat it byld in better plak fertsjinnet, bygelyks yn it gers tsjin it stasjon oer. Dan kinne leafhawwers dêr mei har op ‘e foto. De redaksje hat it idee yn in brief oan de gemeente Ljouwert foarlein. It plan hat in bulte oandacht krigen: in side yn de Ljouwerter Krante (sjoch side BB yn de media), in koart petear op ‘e radio, in item yn Hjoed op Omrop Fryslân. De gemeente hat it foarearst ôfwiisd.

Nei oanlieding fan it idee hat Siemen Jonker fan Alkmaar in ‘striidfers’ skreaun. Harkje mar: