
It 49ste Bûsboekje: sterke ferhalen!
It nije Fryske Bûsboekje (2024) is klear! It is tongersdei 20 july presintearre yn it Proeflokaal Grutte Pier Brouwerij yn Bartlehiem.
Dit jier is it tema: “sterke ferhalen”. De redaksje kaam op it tema nei in gearkomst yn in passende omjouwing: in brún kafee. Dêr hearre je gauris in sterk ferhaal. Wier of net wier, dat is dan de fraach. Somtiden is it de wierheid! Op it omkaft sette wy in leagenbankje. Yn in protte Fryske plakken stiet sa’n bankje dêr de sterkste ferhalen omgean. Yn it Bûsboekje stiet yn ferbân dêrmei in priisfraach.
Nei it útbringen fan it Bûsboekje 2024 giet de Bûsboekjeredaksje in bysûnder jier temjitte: wy sille oan ‘e gong mei edysje 50. In heale iuw Bûsboekjes. Bêst wol in sterk ferhaal! Yn it nije Bûsboekje stiet in oprop oan ús brûkers om ferhalen oer it Bûsboekje mei ús te dielen. Dat kinne wy mooglik goed brûke foar ús jubileum.
Der binne wer 3.000 Bûsboekjes by ús ôflevere en it útsuteljen en ferkeap binne begûn.
De lokaasje foar ús presintaasje wie ek yn ferbân mei it tema: Grutte Pier is ek in hiel sterk ferhaal. Der is sels in film oer makke. Jan Arendz en Marijke Geertsma, mei har stiet in fraachpetear yn it nije Bûsboekje, kamen op de tekst oer “Sterke Staaltsjes’ en harren nije programma ‘Fêste Grûn”. Nanne Kalma en Ankie van der Meer, ferneamd fan Irolt, songen it liet oer Adam Hurdrider: ‘De Smid fan Earnewâld’. Ek in sterk ferhaal.
