
It 45ste Bûsboekje: tiid
“Ik libje wol twa libbens, en kom dus tiid tekoart” (J.D. de Jong, 1977)
It nije Fryske Bûsboekje (2020) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “tiid”. In moai tema foar in boekje dat je it hiele jier troch yn de bûse ha. In feilich plak yn dizze digitale tiden en ynternet dat net mear sa feilich is.
De direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?
It tema ‘tiid’ lient him foar poëzy. It nije Bûsboekje befettet dêrom in bydrage fan Janneke Spoelstra. Fierders organisearret de Bûsboekjeredaksje in poëzykriich oer it tema tiid. Dichters (yn spé) wurde utnoege om in gedicht te skriuwen oer ‘tiid’ of in oar tema. Dat mei yn it Frysk of ien fan de oare streektalen dy’t yn Fryslân sprutsen wurde.