Menu Close

It 46ste Bûsboekje: tiid foar spultsjes

It nije Fryske Bûsboekje (2021) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “spultsjes. Fan’e maityd ha wy allegear faker thus sitten as dat noflik wie. Reden: koroana. Hoe’t it fierder komt mei it firus wit de Bûsboekjeredaksje ek net. Mar it like us goed ta en jou us Bûsboekjebrûkers de kâns op ferdivedaasje yn dizze frjemde tiden. Wat helpt better as it dwaan fan spultsjes (al of net op oardelmeter ôfstân fan de oare spilers)!

Yn it nije Bûsboekje stiet ûnder oaren in artikel fan Liuwe Westra oer Frysk Damjen. Dat bestiet al iuwen en wierskynlik langer as it Hollânsk damjen. Der is ynformaasje oer tippen en tipeljen. Wat dat is lêze jim yn it Bûsboekje! Fansels binne der  riedsels opnaam. Foar elk dy’t mei tiid ferlegen is. Alfêst in blomlêzing fan sechjes yn it nije Bûsboekje:

  • gjin spul om in topke hea, dan de geit fuort
  • It is in spultsje fan Pynke en Nynke
  • Untdekst mear oer in persoan yn in oere spul as yn in jier konversaasje (Plato)