Menu Close

It 47ste bûsboekje: diel de romte

It 47e Fryske Bûsboekje, edysje 2022, leit yn de winkels!

It earste eksimplaar gong nei Jantien de Boer, bekend fan har ferhalen oer ‘lânskips-pine’. De utrikking wie op it Frijlân, oan de Boksumerdyk op de râne fan stêd en plattelân. Passend by it tema ‘diel de romte’.  In ûnderwerp dat de redaksje keazen hat mei in knypeach nei de oardel meter (corona). Mar ek foar it Fryske plattelân dêr’t wy sunich op wêze moatte soene.

De redaksje dielt yn it nije Bûsboekje ferskate perspektiven op ‘romte’. Sa is der in bydrage oer it Frijlân, dêr in lytse mienskip de romte dielt. En oer it hâlden fan in petear mei immen dêr’tsto it folslein net mei iens bist. Wy sjogge nei it ferkear:  guon plakken yn Fryslân binne ‘shared space’, dêr’t auto’s, fytsers en kuierders de romte diele moatte. Dit is ek ûnderwerp fan in priisfraach.

Yn dit Bûsboekje twa gedichten dy’t passe by it tema: fan Tjits Peanstra (‘hûs fan stilte’) en Obe Postma (‘de stêd’). Bûsboekje 2022 jout omtinken oan Arcadia, in grut program mei poadiumkeunsten fan 7 maaie oant 14 augustus. Fierders stiet it Bûsboekje fansels wer fol mei siswizen, in puzel en adressen fan Fryske organisaasjes.

Jantien de Boer kriget it earste Bûsboekje 2022 oerlange, mei in offisjele oarkonde!

Irma Abelskamp fan it Frijlân liet de oanwêzigen yn de kunde komme mei it Frijlân, in ekologyske mienskip.