
It 44ste Bûsboekje: famylje
“Fan wa bisto der ien?”
It nije Fryske Bûsboekje (2019) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “famylje”. Yn in tiid dat der in soad praat wurdt oer behâld fan identiteit is de fraach: “Fan wa bisto der ien?”, in moai begjin fan in praatsje mei in frjemd. It makket de drompel leech. Dizze tiid freget neffens de redaksje om it ferleegjen fan (kulturele) drompels yn in tiid dat guon skynber wer grinzen lûke wolle.
Op 6 juny 2018 diene rom 600 minsken mei oan it Grut Frysk Diktee by de Aldehou te Ljouwert. De finalisten hawwe ûnderwilens harren fertsjinne Bûsboekje 2019 tastjoerd krigen!