Frysk Diktee tige slagge!

Lokwinsken oan Wopkje Bergmans foar it winnen fan it Grut Frysk Diktee! Alle seis finalisten krije ek in Bûsboekje 2019 tastjoerd, sa gau’t it ree is. Dat sil om ein july 2018 wêze.

It waar wie tige by tige foar de 621 dielnimmers. Goeie organisaasje troch Fryske Akademy, Afûk, Omrop Fryslân, Lân fan Taal, CEDIN en Provinsje Fryslân!

Foar elk dy’t it Frysk skriuwen stypje wol en syn ôfspraken en kontakten op eigen wize fêstlizze wol is der aansens wer in nij Bûsboekje!

 

Lân fan Taal is iepene!

Moai om de drokte yn de Taletún te sjen, no’t it lang om let iepene is. It wie it wachtsjen grif wurdich. Lokwinsken oan de organisaasje fan Lân fan Taal!

Yn it each springe njonken Taalpaviljoen “Obe” by de Oldehove, fansels MeM mei de twa hollen (taal is froulik; de twa hollen wize op twataligens) en de Ark, dêr’t de útstalling ‘Liwwadders’ te sjen is, en men de 220 skriuwwizen (!) fan Ljouwert lêze kin.

Alderaardichste e-post út Kanada

De Bûsboekjeredaksje krige okkerdeis in e-mail ut Kanada. Dy wolle graach mei jim diele, om sjen te litten dat it Bûsboekje oeral yn ‘e wrâld wurdearre wurdt. En sels rôverguod! Nammen binne weilitten, fierder ha wy yn de tekst neat oan stavering dien, omdat it sa sprekkend is.

Beste Minsken, 

It spyt my dot ik de Fryske taal net good under de knibbels haw , mar ik woe jim wot fertelle oangeande it bus boekje. It is n.l sa ik bin sa n 66 jier ferlien nei Canada ferhuze,  en fan al dy jieren hat in omke sizzer fan my foar 40 jier my in busboekje ta stjoerd. Jim hawwe faaks wol es heard fan dy omke sizzer want it is …. de Fryske sjonger en de ald maat fan …… Dit Jier wie der in probleem  want in post diif hie it B B ut it pakje stellen.  Mar us …., doe hja dot hearde  stapte wer nei de winkel foar it 40 ste  bus boekje foar  har dankbare omke.  Ik tocht  de mjoute wurdich om jim witte te litten hoe  it busboekje wardeare wurd. Folle goeds                                                                                                    

……  (91 ), Winnipeg MB    Canada

 

Iepening Taalpoadium “Obe” by de Aldehou

Op 2-3-4 febrewaris 2018 is it taalpoadium fan “Lân fan Taal” iepene. De frijsteat foar elkenien en alle talen. De loop sit der aardich yn en de tribune lient him ek om te genietsjen fan it sintsje!

Sjoch ek op: https://lanfantaal.frl/project/besikerssintrum-lan-fan-taal/

 

Fiif priiswinners fan de rebus!

De rebus yn it Bûsboekje 2018 hat in bulte minsken prakkesaasjes jûn. Fan de 30 reaksjes wiene der fiif mei it goede antwurd. Sy krije allegear in priis.

It lêste stikje wie it dreechste: ‘dêr’t de dyk it lân omklammet’. Dat wie eins allinne op te lossen as je bekend binne mei de bundel ‘Fryslân sjongt’: dy begjint mei dat liet.

Guon makken der fan: Fryslân (5), by guon stie der neat (7) en gauris waard de hiele tekst oernommen (6). Ek liezen wy faak: ‘as se memmetaal heart fielt se langstme nei it heitelân’ (6), en dat wie krekt net hielendal wat frege waard.

Der wie sels in oplossing út de Kanaryske Eilannen wei. In tal ynstjoerders fertelden hoe lang se al wille fan it Bûsboekje hiene. Moai om te hearren.

De priiswinners krije fan ’t simmer it Bûsboekje 2019 tastjoerd.

Yn aksje foar it Bûsboekje!

‘Lân fan taal/LF2018′ hat mei in facebookaksje… it Bûsboekje 2018 yn it ljocht set. Der wie in tal Bûsboekjes beskikber foar de minsken dy ’t der op reagearren. De winners hawwe it al tastjoerd krigen.  https://www.facebook.com/lanfantaal2018

Ek de Ried fan de Fryske Beweging hat in aksje opset. Alle minsken dy ’t yn desimber stiper wurde krije in Bûsboekje 2018 der op ta! http://www.fryskebeweging.frl/it-busboekje-as-kadootsje/

Opmerksum!

In opmerksume lêzer hat ús wiisd op in flater yn de opmaak fan it Bûsboekje 2018. Op in tal siden is it âlde jiertal (2017) stean bleaun. Dat is spitich. It nuvere is dat de redaksje der alhiel oerhinne lêzen hat. Yn jannewaris giet is al daliks mis (wike 1); en dernei noch in tal kearen yn febrewaris, maaie en novimber. Ien treast: al dy wiken stiet it goed op de side der tsjinoer. (sjoch hjir BB2018_wike 1 foar it byld)

Bûsboekje 2018: Fryslân, lân fan taal!

It nije Bûsboekje leit wer oeral yn ‘e provinsje te keap. De redaksje hat dit jier keazen foar it tema taal. Wy skowe dêrmei oan by ‘Lân fan taal’, ien fan de projekten wêrmei‘t LF2018 kleur kriget. Yn it Bûsboekje steane in grut tal LF2018 aktiviteiten oankundige.

Fryslân is ornaris it lân fan de taal of noch better fan de talen, want eins eltsenien is twa- of meartalich. Taal sit yn alle minsken. Allegear fiele wy leafde foar taal. Wy ha besocht dat yn bylden te fangen: mei ‘wurdwolken‘ fan âlde en nije wurden, mei bydragen oer hoe‘t taal jo libben bepale kin en hoe‘t it is om mei taal te wurkjen. In fêst plak hawwe de sizwizen, diskear ek yn Fryske streektalen (sels ien yn it Grinzers!)In spesjaal plak romje wy yn foar de taal fan minsken dy‘t it gehoar misse. Dy ge­beartetaal kinne jo op alle siden weromfine. Ek 2018 hat 365 dagen om jo gedachten, jo ôfspraken of bysûndere mominten op te skriuwen yn de taal dy‘t it tichtst by jo leit.

It Fryske Bûsboekje 2018 is de 43e útjefte. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.

Fan it Bûsboekje 2017 binne der 3515 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der neffens ús berekkeningen sawat 210.000 Bûsboekjes ferkocht. Dêrmei it it Bûsboekje it bêst ferkochte Fryske boek.

De ôfrûne wike is it Bûsboekje 2018 troch ús frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. Ek op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje te keap, en fia it webstek kin ek besteld wurde. Oer in presentaasjemomint yn septimber tinke wy noch nei.

  Foar grutter byld, klik hjir: flyer BB 2018•!